Hamburger 13de op OS

15 aug 2008 - 09:55
  • Sjoerd Hamburger einige as 13e op OS

Roeier Sjoerd_Hamburger hat op de Olympyske Spelen de C-finale yn de skiff wûn. De âld-Aldeberkeaper slút dêrmei syn Olympysk optreden ôf op it trettjinde plak. Foar Hamburger is dat in teloarstelling. Foar de Spelen rekkene er op in plak yn de B-finale en hope er op de A-finale.

It roeitoernoai is no dien, mar der bestiet in kâns dat er snein noch yn aksje komt yn de Hollân_Acht fanwegen in blessuere yn dy ploech. Dy kâns is neffens Hamburger hiel lyts.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)