Hambüchen net nei WK turnjen

12 okt 2009 - 14:46
  • Epke's konkurrint Hambüchen mist de wk yn Londen

De Dútske wrâldkampioen rekstôk Fabian Hambüchen hat him moandei ôfmeld foar de wrâldkampioenskippen turnjen yn Londen. Hambüchen rûn snein by it trainen in blessuere oan de foet op en kin foarearst gjin wedstriden turnje, sa makke er bekend op in parsekonferinsje. Hambüchen giet der fanút dat syn seizoen foarby is.

Hambüchen is ien fan de grutste konkurrinten fan de Lemster turner Epke Zonderland. Hy wûn ferline jier brûns op de Olympyske Spelen yn Sina.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)