Haltes oanpast foar handikapten

16 des 2006 - 12:22

1350 Bushaltes yn de provinsje wurde de kommende jierren tagonklik makke foar handikapten. De provinsje en de Fryske gemeenten ha dêrfoar in saneamd halteplan opsteld. It giet om mar 44 persint fan alle bushaltes.

Neffens de provinsje is it net nedich om mear oan te passen. Dizze haltes wurde brûkt troch sa'n 70 persint fan de handikapte reizgers. De hiele operaasje kostet 11 miljoen euro. Yn 2011 moatte alle haltes oanpast wêze.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)