Halt-straf foar sûpe op 'e dyk

23 feb 2009 - 11:52

Jongerein dy't op strjitte alkohol drinkt kin yn de takomst ek in Halt-straf krije. Se krije dan in learstraf yn plak fan in boete, sa't no faak bart. Jongeren tusken de 12 en 18 jier kinne no al in taakstraf krije as sy oppakt wurde foar fernielings. Fan 't simmer begjinne Halt en Ferslavingssoarch yn ûnder oare Ljouwert mei in projekt der't ek it brûken fan alkohol yn bestraft wurdt. It giet dêrby om jongeren dy't ûnder ynfloed fan drank wat strafbers dogge.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)