Halt ferwachtet soad meldings

28 des 2006 - 11:33

It Haltburo Fryslân ferwachtet de kommende dagen wer in soad jongeren ûnder de achttjin jier te krijen dy't te betiid fjoerwurk ôfstutsen hawwe. De offisjele ferkeap fan legaal fjoerwurk is tongersdei út ein set.

Oant ta hat de plysje tweintich jongeren by it Haltburo oanmeld. Se krije in alternative straf om't se harren net oan de regels foar it ôfstekken fan fjoerwurk hâlden hawwe.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)