Hallumse wint Poelstra Memorial

29 jan 2004 - 00:00

Maratonreedrydster Maria Sterk fan Hallum hat tongersdei op de Weissensee yn Eastenryk de Willem Poelstra Memorial krigen. It is de earste kear dat dizze stimulearingspriis foar maratontalint nei in frou giet.

De trofee en in jildbedrach wurdt sûnt 1994 troch de stichting Wintermaraton útrikt. Nei it ferstjerren fan Hijumer Willem Poelstra yn 1999 hat dizze 'maraton beloftepriis' syn namme krigen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)