Hallumers stimme 'dûbel'

12 sep 2012 - 12:19

Yn Hallum kinne minsken by it stimmen foar de Twadde Keamer tagelyk oanjaan by hokker gemeente se oanslute wolle. De enkête is in inisjatyf fan doarspbelang Hallum.

Sy tinke dat de Hallumers it leafst nei Ljouwert en Ljouwerteradiel wolle. Dat soe foar de yndustry it bêste weze. De gemeente Ferwerderadiel wol leaver de oare kant út, rjochting Dongeradiel. De opkomst yn Hallum wie om 12 oere sa'n 30% en dat is heger as oars. De enkête soe dêr mei te krijen hawwe.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)