Hallumer krijt medalje foar rêdingsaksje drinkeling Ferwert

11 feb 2016 - 10:48

Riekele Stielstra (34) út Hallum hat tongersdei in brûnzen rêdingsmedalje krigen fan de 'Maatschappij tot Redding van Drenkelingen'. Boargemaster Wil van den Berg fan Ferwerderadiel rikte de ûnderskieding út. Stielstra krige de medalje om't er hast twa jier lyn in man rêden hat.

It slachtoffer fytste oer de Hegebeintumerdyk yn Ferwert doe't er net goed waard en yn de sleat njonken de dyk foel. De elektryske fyts fan it slachtoffer lei boppe op de man, dy't mei syn gesicht yn it wetter lei. Stielstra hat de man út it wetter helle.

It slachtoffer hat úteinlik neat oan it ûngelok oerhâlden.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)