Hallumer (64) op trekker omkaam

27 nov 2004 - 13:51

In 64-jierrige man út Hallum is freed om it libben kaam by in ferkearsûngelok. De man ried mei in trekker op de Kolkhuizerweg by Burdaard doe't in 23-jierrige automobilist út Damwâld him temjitte kaam. Dy ried frontaal op 'e trekker doe't er oan it ynheljen wie. De 64-jierrige Hallumer wie op slach dea.

De plysje ûndersiket noch de krekte tadracht fan it ûngelok.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)