Hallum wol by Ljouwerteradiel

12 sep 2012 - 22:43

In grutte mearderheid fan de stimmers hat yn Hallum har foarkar útsprutsen foar in weryndieling by Ljouwerteradiel. Yn totaal 599 fan de 757 stimmers keazen foar dizze opsje. Dit is hast 80% fan de stimmers. Op inisjatyf fan Doarpsbelang Hallum koene de minsken oanjaan wat der mei it doarp barre moat nei in weryndieling.

De opsje om te weryndielen mei ûnder oare Dongeradiel krige mar 17 prosint fan de stimmen. Letter dizze wike wurde de resultaten oanbean oan de gemeente Ferwerderadiel.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)