Hallum feilich sûnder trekkers

28 jun 2011 - 12:01
  • Gefaarlike situaasjes op de Grienedyk,
  • mar dêr komt in ein oan

Lânbouferkear by Hallum mei tenei oer de Ljouwerterdyk. De provinsje hat dat yn oerlis mei de gemeente Ferwerteradiel besletten.

Dat betsjut dat de grutte trekkers net mear oer de paralleldyk, de Grienedyk, hoege. Dat soarge faak foar gefaarlike situaasjes mei fytsers en fuotgongers. Oan de Grienedyk sit nammentlik in basisskoalle De boeren en it leanbedriuw woene ek wol graach oer de grutte dyk mei harren ark.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)