Hallum bliid mei noardwestdyk

20 nov 2013 - 14:44
  • Hallum Noardwestdyk

Transportbedriuw De Vries út Hallum is bliid dat freed lang om let de nije autodyk tusken Stiens en Marsum iepengiet. De sjauffeurs moatte no noch mei grutte frachtweinen troch Ljouwert nei bygelyks Harns of de Ofslútdyk, mar kinne oer in pear dagen fan Stiens ôf binnentroch nei Marsum. It mijen fan de stêd is in grutte útkomst foar ûndernimmers as De Vries.

De dyk is net allinnich in útkomst foar forinzen en ûndernimmers, mar ek in oplossing tsjin it slûpferkear dat no noch oer de doarpen tusken Stiens en Marsum rydt.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)