Halfords yn Ljouwert wer iepen

23 jan 2015 - 21:10

De fallite Halfords-festiging yn winkelsintrum De Centrale yn Ljouwert makket in trochstart. De winkel wurdt oernaam troch de bruorren Evertjan en Cor Tjepkema, dy't al in Halfords-winkel hawwe yn Zwolle en Drachten. Sneon iepenet de Ljouwerter winkel foar it earst wer de doarren mei in stuntferkeap op it folsleine assortimint.

Oktober ferline jier gong de lanlike keten fan Halfords fallyt. Tal fan fransjize-ûndernimmers makken in trochstart, ûnder oare yn Drachten, Snits en op It Hearrenfean. Dêr komt Ljouwert no dus by.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)