Halbertsmapriis foar Hagen

10 des 2012 - 18:05
  • Hagen krijt de priis

Sjoernalist Piet Hagen hat moandei de dr. Joast Halbertsmapriis krigen foar syn biografy oer Piter Jelles Troelstra, 'Politicus uit hartstocht'. Hagen krige de priis yn Grou út hannen fan deputearre Jannewietske de Vries.
 
De Joast Halbertsmapriis wurdt ien kear yn 'e trije jier útrikt foar in wittenskiplik wurk oer Fryslân. Neffens de sjuery hat noch nea ien sa'n folsleine biografy oer Piter Jelles Troelstra skreaun as Hagen. De priis bestiet út in bedrach fan € 4000 en in oantinken.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)