Halbertsmapriis foar Frieswijk

12 sep 2003 - 00:00

Wittenskiplik meiwurker Johan Frieswijk fan de Fryske Akademy krijt fan 't jier de Halbertsma-oeuvrepriis. Dy priis wurdt om de trije jier takend foar wittenskiplik wurk oer Fryslân.

Frieswijk hat yn mear as 37 jier in hiel grut oeuvre opboud oer Fryslân en syn ynwenners. Hy hat in soad ûndersyk dien op it mêd fan sosjalisme en de arbeidersbeweging. De priis bestiet út in jildbedrach fan 4000 euro en wurdt útrikt op tongersdei 23 oktober yn Grou.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)