Halbertsma-dagen yn Grou

12 apr 2003 - 00:00

De earste edysje fan de Halbertsma- dagen waard sneon hâlden yn Grou. De dagen binne ferneamd nei de bruorren Halbertsma dy't yn de 19e ieu it doarp besongen en beskreaun ha. Dat is as útgongspunt nommen foar ferskate kultuer-histoaryske aktiviteiten.

Sa wie der sneon in histoaryske kuier troch it doarp en koe de Sint Pitertsjerke besichtige wurde. It evenemint is in inisjatyf fan it NNBT, de gemeente Boarnsterhim en de VVV.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)