Hal Lankhorst wurdt sloopt

08 nov 2010 - 15:54

De sloop fan 'e âlde fabrykshal fan it eardere toufabryk Lankhorst yn Snits set takom moanne út ein. Oer de âlde hal hinne is in nije boud. Yn it fabryk wurdt sûnt 1998 gjin tou mear makke. Doe fusearre Lankhorst mei de Euronete Groep yn Portugal. De produksje fan tou is dêrnei oerbrocht nei Portugal.

By Lankhorst dogge se no oan recycling fan plestik. Dêr wurde keunststofprodukten lykas peallen, putten en wâlbeskoeiingen fan makke.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)