Hajé stapt út Horeca Helpt

24 okt 2012 - 12:10
  • It Hajé-restaurant op 'e Jouwer

Hoarekabedriuw Hajé op 'e Jouwer en It Hearrenfean stapt út Horeca Helpt. Dêrmei sammelje restaurants jild yn foar it ferieningslibben. It idee kaam fan in reklameburo. No't de resultaten fan Horeca Helpt ôffalle, stapt Hajé derút. De hoarekaketen fynt dat te folle jild nei it reklameburo giet en te min nei de ferienings.

It reklameburo achter Horeca Helpt siket no oare partners om it projekt troch te setten.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)