Hajé Flyers winne yn Grins

10 des 2009 - 23:09

De Hajé Flyers ha tongersdeitejûn yn Grins mei 6-4 wûn fan de Grinzer Grizzlies. De earste perioade waard mei 2-2 ôfsletten. Yn de twadde koene de Flyers in lyts ferskil meitsje: 3-1 winst. De lêste perioade einige op 1-1.

Nei de twa ferliespartijen fan it ôfrûne wykein tsjin Tilburch en Eindhoven wie it saak foar de Flyers om de winst út Grins mei te nimmen. Dat slagge yn in stevige wedstriid mei ryklik straftiid. De Flyers ha no 15 punten út acht wedstriden.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)