Hajé Flyers krijt foarm

09 jun 2009 - 13:31

De Hajé Flyers ha foar it nije seizoen mei it fêstlizzen fan sân Nederlânske spilers in aardige basis lein. Njonken de bruorren Jacco en Erik Landman, Hans en Jaap Kroon en Dennis Schreur hat Bert van den Braak in kontrakt tekene foar trije seizoenen.

Ek goaly Martijn Maghielse bliuwt. Mei de al earder fêstleine Paul Vincent en Jamie Visser hat de nije coach Dave Hyrsky no in heale ploech. De oanfolling sil de kommende wiken dien wurde mei benammen bûtenlânske spilers.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)