Haïty: oprop provinsje

21 jan 2010 - 09:54
  • John Jorritsma

Kommissaris fan 'e Keninginne Jorritsma ropt alle ynwenners fan Fryslân op om 21 euro oer te meitsjen foar Haïty op giro 555. It bedrach is gelyk oan 'e datum fan tongersdei. de dei fan 'e lanlike helpaksje.

Op it provinsjehûs sels is gjin grutte aksje. Wol wurdt der ûnder amtners jild ynsammele. Oan 'e ein fan 'e middei wurdt bekend makke hoefolle oft dat opsmiten hat. De provinsje makket dêr in rûn bedrach fan.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)