"Haïty moat holpen wurde"

14 jan 2010 - 12:18
  • In slachtoffer fan de ierdbeving op Haïti

Alle donaasjes oan projekten yn Haïty binne op dit stuit mear as wolkom. Dat seit Gerben Harkema fan de Fryske stifting Baptist Haïti Mission Nederland. De organisaasje is al in pear jier aktyf op it Karibyske eilân.

Harkema en syn frou, fan De Jouwer, waarden rekke troch de grutte earmoede yn Haïty. Se ha der yntusken hûzen boud en tal fan projekten opstart. Troch de ierdbeving fan tiisdei hat dat mooglik allegear om 'e nocht west.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)