Haitske vd Linde listlûker LN

09 des 2002 - 00:00

De 22-jierrige Haitske van de Linde is sneintejûn yn Utert keazen ta listlûker fan Leefbaar Nederland. Van de Linde komt oarspronklik út Nijemardum en helle op RSG Magister Alvinus yn Snits it Atheneum-diploma.

De leden fan LN joegen Van de Linde har stim, nei't beëage listlûker Fred Teeven him weromlutsen hie. Yn de lêste stimming bleau Haitske van de Linde de kontroversjele Emile Ratelband foar mei twa stimmen ferskil.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)