Hagenees rydt PM-kanaal yn

14 sep 2008 - 13:16

In 26-jierrige automobilist út Den Haach is sneintemoarn betiid it Prinses Margrietkanaal ynriden. Op de Leppedyk by Grou moast de man útwike foar in bist dat de dyk oerstuts.

Hy rekke dêrby de macht oer it stjoer kwyt en ried sa it kanaal yn. De Hagenees koe sels út de auto komme. Buertbewenners ha de man skjinne klean jûn en dêrnei is er foar kontrôle oerbrocht nei it sikehûs.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)