Hagenaar trappearre mei kokaïne op De Gordyk

15 sep 2015 - 11:13
  • Drugs

In 34-jierrige man út Den Haach is yn de nacht fan moandei op tiisdei op De Gordyk oppakt om't er kokaïne by him hie. De man waard trappearre by in kontrôle op de Badwei. Njonken de kokaïne fûn de plysje ek noch in fertochte plestik pûde mei planterêsten en ierde.

It guod is yn beslach naam. De Hagenaar hat in proses-ferbaal krigen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)