Hagedis yn F16 út Noarwegen

15 des 2011 - 21:15

Op de fleanbasis is tongersdeiteûn in hagedis yn in F16 fûn. It fleantúch kaam út Noarwegen. De minsken fan de fleanbasis hawwe de biste-ambulânse belle en dy hawwe it bist nei de fûgelopfang yn Marsum brocht. It bist wie behoarlik ûnderkuolle en is dêrom earst mar yn de kûveuze setten om wer wat waarm te wurden.

Der binne foto's fan de hagedis makke en opstjoerd nei de ynspeksjetsjinst mei de fraach oft sy witte om hokfoar soarte it giet. Freed sil besjoen wurde wêr't it bist hinne moat.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)