Haga listlûker ChristenUnie

13 jun 2014 - 08:57
  • Haga

Anja Haga wurdt foardroegen as listlûker fan de ChristenUnie by de provinsjale ferkiezings fan takom jier. Haga is op it stuit al fraksjefoarsitter fan har partij yn Provinsjale Steaten. De kiesferienings fan de ChristenUnie moatte de foardracht fan Haga noch wol offisjeel goedkarre.

De ferkiezings binne op 18 maart 2015. Tagelyk wurde dan ek de fertsjintwurdigers fan it Wetterskip keazen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)