Hafkamp: tongersdei dúdlikens?

23 mrt 2006 - 17:59

Wethâlder Hafkamp hopet tongersdei yn de rin fan 'e dei meidielings dwaan te kinnen oer Cambuur. It oerlis oer de rêding fan de fuotbalclub rûn woansdei op neat út.

Fjouwer sakelju wolle de stadiongrûn keapje om Cambuur fan 'e ûndergong te rêden. De gemeente Ljouwert wol de mearopbringst werom hawwe, as der huzen boud wurde. Mar de fjouwer sakelju wolle it jild krekt brûke om de skulden fan Cambuur ôf te beteljen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)