Hafkamp praeses Friesche Leeuw

01 jul 2006 - 15:44

Ald-wethâlder Hetty Hafkamp fan Ljouwert is de nije foarsitter fan 'e Ljouwerter hurdfytsferiening De Friesche Leeuw. Hafkamp waard op de ledegearkomste foardroegen en unanym keazen. De Friesche Leeuw ferwachtet dat Hafkamp de feriening in nije ympuls jaan sil.

Hafkamp naam de ôfrûne maaitiid ôfskie as wethâlder. Frou Hafkamp is ek foarsitter fan 'e Fryske Miljeufederaasje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)