Hackers de finzenis yn

24 aug 2011 - 18:04

De rjochter yn Rotterdam hat fiif hackers mei dêrby in fertochte út Sleat en ien út Dokkum feroardiele ta finzenisstraffen fan trije moanne.

De manlju hackten kompjûtersystemen fan de universiteiten fan Michigan yn Amearika en Kaiserslauten yn Dútslân. Fia de systemen fan de universiteiten brochten se films, muzyk en software de wrâld yn. De manlju waarden yn 2008 oppakt. It iepenbier ministearje easke twa wike lyn straffen fan trije en fjouwer moanne.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)