Hacker leit ynternet plat op Bornego College op It Fean

26 aug 2015 - 12:46
  • Bornego College

Dosinten en learlingen fan it Bornego College op It Hearrenfean kinne fan woansdei ôf wer gebrûk meitsje fan it ynternet. In hacker lei tiisdei it hiele systeem plat fan de fjouwer fêstigingen en de ferwachting wie dat dit woansdeitemoarn wer barre soe.

Learlingen hiene troch de hack gjin tagong ta ynternet en dosinten koene har lessen net jaan. Neffens it haad fan de ICT wurde gjin learlingen fertocht fan de cyberoanfal. Hy wol noch efkes ôfwachtsje oft der wer in hack komt. As dat sa is, wurdt de plysje derby helle.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)