Haarsma kampioen yn Droegeham

01 sep 2012 - 17:12

It 33ste konkoers hippyk yn Droegeham hat sneon twa nije Nederlânske kampioenen opsmiten. By de hackney's gong de nasjonale titel op it ûnderdiel klaverke trije nei Jan Kennis út it Brabânske Eersel. It wie al de tredde titel dit jier foar de 77-jierrige menner.

It mearspankampioenskip by de túchhynders wie in proai foar Ulle Haarsma út Tsjerkwert. Yn Droegeham soe ek it kampioenskip Fryske dekhynsten ferriden wurde. Dit ûnderdiel waard lykwols skrapt wegens te min dielnimmers.

It reinwetter fan de ôfrûne dagen soarge foar swiere omstannichheden foar de dielnimmers. Lang wie der twifel oft it konkoers wol trochgean koe, mar freed hakke de organisaasje de knoop troch.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)