Haarlemmer fernielt lantearnepeal yn Frjentsjer

19 mrt 2015 - 10:13

In 22-jierrige man út Haarlem is woansdei yn Frjentsjer oanhâlden foar fernielings. In tsjûge seach dat de man op de Froonackerdyk in strjitlantearne fernielde.

De tsjûge warskôge de plysje, dy't de Haarlemmer efkes letter oanhâlde koe. De man is meinaam nei de it buro. De gemeente sil oanjefte dwaan.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)