Haarala spilet rjochtsachter

25 nov 2004 - 15:34

Sportclub Hearrenfean spilet tongersdeitejûn de twadde wedstriid foar de UEFA Cup. VfB Stuttgart is de tsjinstanner. Stuttgart hat no twa wedstriden spile en beide kearen wûn.

Hearrenfean hat tsjin Benfica mei 4-2 ferlern. Yn de ploech fan Gertjan Verbeek spilet Hanu Haarala wer as rjochtsachter. Dat betsjut dat Marcel Seip en Petter Hansson sintraal achteryn steane. De wedstriid is live te folgjen op Omrop Fryslân radio.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)