Haanstra ljept nij Frysk rekord

27 jul 2000 - 13:07

Klaas Haanstra fan Warkum hat tiisdei in nij Frysk fierljeprekord sprongen. Yn Burgum sprong er yn syn lêste sprong 18.85 meter. It rekord stie op 18.77 m. en wie yn hannen fan Marcel Nijboer.

Ferline jier soarge Nijboer der noch foar dat it 7 jier âlde rekord fan Gerard Vlieger ferbettere waard. Foar Klaas Haanstra wie it al wer 7 jier lyn dat er oer de 18 meter sprong.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)