Haanstra-fertochten noch fêst

29 sep 2011 - 16:14

De trije fertochten yn de de saak fan Hannie Haanstra út Drachten bliuwe noch 30 dagen fêstsitten. Dat hat de rjochtbank tongersdei besletten. De 48-jierrige Hannie Haanstra wie begjin septimber belutsen by in grutte fjochtpartij by in hûs oan de Robijnekamp. Hy ferstoar in pear dagen letter yn it sikehús oan syn ferwûnings.

De trije fertochten komme allegear út Drachten en binne 16, 19 en 37 jier.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)