Haan wol Flylân ferlitte

19 jun 2013 - 11:46
  • Yorick Haan

Yorick Haan sil Flylân sa gau mooglik ferlitte. De âld-boargemaster reagearret foar it earst op de rabberij dy't der ta laat hat dat de ried it betrouwen yn him opsein hat en dat hy syn ûntslach nimme moast. 'Falske roddels' neamt Haan de ferhalen, en hy fielt him bemoedige troch de stipe dy't er krigen hat fan -ek- de Flylanner mienskip.

Likegoed moat er syn tsjinstwenning en it eilân ferlitte. De boargemaster seit dat er noch hieltiid 'fernuvere' is troch wat him de ôfrûne dagen oerkaam is.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)