Haan: muzyk suniger yn kroegen

23 jul 2012 - 07:25

De kroegen op Flylân soene yn it lêste skofke dat se nachts iepen binne wat rêstigere muzyk draaie moatte. Dat seit boargemaster Yorick Haan fan it eilân, neidat er in pear dagen meidraaid hat by de pleatslike hoareka en ek in nacht op stap gie mei de plysje. Neffens Haan soarget lûde muzyk yn kroegen der foar dat besikers lûder tsjin elkoar praten gean en dat nei de tiid op strjitte ek dogge. Der ûntstiet dêrtroch oerlêst foar omwenners.

Ek fynt Haan dat hoareka-ûndernimmers wat mear each ha moatte foar de húsfêsting fan har tydlike personiel en ek yn 'e gaten hâlde moatte dat dat personiel neist in soad oeren wurkjen ek net noch oerenlang op stap giet.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)