Haakman wint A7-klassiker

11 maaie 2013 - 16:37
  • Winner Tino Haakman
  • It peloton yn de rein

De tsiende edysje fan de Lippe Wonen-A7-klassiker is sneon wûn troch Tino Haakman út Enkhuzen. Nei 173 kilometer kaam Haakman solo oer de einstreek, nei't er ûntsnapt wie út in kopgroep fan trettjin man. It twadde plak gong nei Nick Kweldam út Aalten, dy't Berry Nagelhout yn de einsprint krekt foar bliuwe koe.

Coen Rijpma fan Aldeholtpea kaam as fyfde oer de streek en wie dêrmei de bêste Fries. Ruben Hoekstra fan Tjerkgaast waard 6e, Andries Weening fan De Harkema einige as 10e en Bart Rijpma kaam as 12e oer de streek.

De tsiende edysje gong de boeken yn as in leadswiere striid troch it minne waar. Fan de 135 dielnimmers dy't oan 'e start stiene, hellen noch gjin fjirtich de einstreek.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)