Haai oanspield op Skylge

19 des 2013 - 17:12
  • De haai spielde oan by peal trije
  • It giet om in saneamde ruwe haai

Op Skylge is tongersdeitemiddei in deade haai oanspield. It giet om in ruwe haai fan sawat oardel meter lang.

It bart neffens Skylger Hessel Wiegman faker dat in haai oantroffen wurdt op it eilân. Meastentiids is it bist troch in sportfisker oan de heak slein. Mar dat it sa'n grut eksimplaar is, komt net faak foar. Dizze kear bedarre de haai op it strân by peal trije. Hy wie al aardich oanfretten troch de fûgels.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)