Haadwetterlieding Drachten nei woansdei wer brûkber

23 feb 2016 - 14:32
  • In fytstunnel yn De Hemmen

Wetterbedriuw Vitens kin pas nei woansdei wer gebrûk meitsje fan de haadwetterlieding ûnder de Noorderhogeweg yn Drachten. Oan it begjin fan moandeitenacht rekke dy lieding lek. Troch gebrûk te meitsjen fan oare liedingen, hie Drachten yn de rin fan de nacht wer wetter.

Om de lekke lieding meitsje te kinnen, moat er tiisdei útgroeven wurde. Woansdei wurdt dan it echte reparaasjewurk dien. Hoe't it lek ûntstean koe is noch net dúdlik. Vitens hâldt der rekken mei dat de lieding spontaan lek rekke is.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)