Haadsteward Cambuur stapt op

15 des 2006 - 15:41

Haadsteward Anno Bosgraaf fan Cambuur stapt nei 27 jier op. Hy docht dat nei in konflikt mei direkteur Pama. It skeel giet oer in steward, dy't in pear moanne lyn in supporter in klap joech. De man hat in boete betelle en is wer oan it wurk. Pama fynt dat de man fuort moat, Bosgraaf net.

Bosgraaf sil freedtejûn alle stewards ynljochtsje oer de situaasje. Cambuur lit witte dat de wedstriid tsjin RBC sawiesa trochgiet.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)