Haadrolspiler Jorwert ferwûne

05 sep 2006 - 15:20

It Jorwerter iepenloftspul sit mei de hannen yn it hier. Sneintejûn is ien fan de haadrolspilers ferwûne rekke oan de skouderbonke. Dat barde op it toaniel ûnder ien fan de lêste sênes fan it stik 'Alles út'. De folgjende foarstelling is tiisdei.

Yn 'e rin fan 'e dei wurdt besjoen hoe no fierder. De ferwûne jonge spilet ien fan 'e seis strippers. Syn personaazje is frijwat in stuntman, mar stunte sit der no net yn.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)