Haadklassewedstryden ôflast

03 sep 2006 - 18:10

De wedstriden fan sneins-haadklassers Snits en De Jouwer binne snein ôflast. De wedstriid Snits-WKE waard ôflast, omdat trainer Hans Schrijver en spiler Mark Homme van der Veen belutsen wiene by in auto-ûngelok. Schrijver en Van der Veen binne nei it sikehûs brocht, mar it liket ta te fallen. Se binne al wer út it sikehûs wei.

Be Quick 1887-De Jouwer waard ôflast fanwege it minne waar en de minne tastân fan it fjild.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)