Haadklassers spylje lyk

12 mrt 2011 - 17:04

It is ONS Snits en Drachtster Boys net slagge om in plakje te klimmen yn de haadklasse C. Beide ploegen spilen lyk tsjin de neiste konkurrint. ONS kaam yn Staphorst op foarsprong troch in doelpunt fan Arnold Herder nei in kertier. Yn 68ste minút makke Staphorst lyk.

De wedstriid Drachtster Boys-Nunspeet einige sa as it begûn:0-0. Der wie yn in wedstryd mei ferskate kânsen noch wol in ôfkard doelpunt foar Nunspeet.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)