Haachske drugsdealers pakt

18 des 2012 - 12:11
  • Drugs

Yn in grut lanlik ûndersyk nei hannel yn ferdôvjende middels hat de plysje sneon yn Earsterwâlde trije manlju oppakt. It giet om ynwenners fan De Haach. Dy waarden oppakt yn in hûs oan de Tjongerhof. De plysje hold it hûs yn 'e gaten omdat it fermoeden bestie dat der drugs ferhannele waarden. Dy waarden ek fûn, it giet ûnder oare om heroïne en kokaïne.

Omdat ien fan de trije oppakte manlju fjoerwapengefaarlik wie, waard der in arrestaasjeteam ynset om se oan te hâlden. By de manlju thús binne in wapen en ynbrekkersark fûn.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)