Ha jo in Volkswagen, Seat of Skoda? Pas op foar ynbrekkers

10 nov 2015 - 12:29
  • Autostellerij (argyffoto)

Ride jo yn in Volkswagen, Seat of Skoda? Dan is de kâns krekt wat grutter dat je slachtoffer wurde fan in ynbraak. Ut sifers fan de plysje docht bliken dat dizze automerken it populêrst binne by dieven. 

It oantal ynbraken yn auto's yn Noard-Nederlân om airbags en navigaasjesystemen te stellen is de lêste wiken bot tanaam. De ynbrekkers binne benammen aktyf by partikulieren en autobedriuwen yn plakken by de A7 del. De golf oan ynbraken begûn yn Súdwest-Fryslân, mar der is no ek yn Grinslân ynbrutsen. 

By ien garaazjebedriuw binne acht airbags stellen. De plysje tinkt dat ien of meardere mobile binden aktyf binne en hâldt dêrom grutte ferkearskontrôles.

De plysje ropt garaazjehâlders en auto-eigeners op om goed út te sjen wêr't se harren auto parkearje. By fertochte sitewaasjes moatte je fuortendaliks de plysje belje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)