HA 38 freed rjochtop set

16 des 2010 - 12:28
  • De ûnderkant fan de skulpesûger is krekt sichtber (rjochts nêst de boat)

De HA 38, it fiskersskip dat tiisdeitemoarn boppe Skylge fergien is en tongersdei nei in sleeptocht yn Harns oankaam is, wurdt tongersdei net mear kantele. Dat hat it KLPD sein. It skip leit op de kop yn de haven.

Mooglik gean der freed earst dûkers it wrak yn om te sjen oft it lichem fan ien fan de trije opfarrenden noch yn it skip is en om navigaasje-apparatuer feilich te stellen. It kin noch wol in pear dagen duorje foardat it skip rjochtop takele wurdt.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)