Hûnderten ride tocht dochs

10 feb 2012 - 08:17

Hûnderten reedriders binne freedtemoarn op de Swette yn Ljouwert begûn oan in Alvestêdetocht. It giet om minsken dy't de tocht graach ride wolle, ek no't der net in offisjele tocht komt.
It liket derop dat der in soad minsken fan bûten de provinsje by sitte en in soad minsken dy't ynlotte wiene foar in eventuele tocht dit jier. Allinne al út it doarp Broek en Waterland dogge tweintich minsken mei. Dy wolle ride, ek no't der net in offisjele alvestêdetocht útskreaun wurde kin.

Yn Snits moatte auto's by klúnplakken in skoft wachtsje yn ferbân mei oerstekkende reedriders.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)