Hûnderten iisslachtoffers

11 feb 2012 - 17:57

Der binne sneon hûnderten iisslachtoffers behannele yn de Fryske sikehuzen. Der is sels ekstra personiel ynset om it grutte tal pasjinten oan te kinnen. Yn de measte gefallen giet it om brutsen bonken. Yn it Antoniussikehûs yn Snits rint it de hiele dei troch mei minsken dy't polsen, earms of skonken brekke of ferwûnings oan de holle ha.

Mei sa'n 250 iisslachtoffers wie sneon de drokste dei dizze wike yn de Fryske sikehuzen. Yn guon gefallen kinne sike-auto's mar dreech by de pasjint komme.

Ek âld-hurdfytser Gert Jakobs, dy't mei oare bekende Nederlanners de alvestêdetocht oan it riden wie, gie ticht by Koudum ûnderút en bruts syn linkerankel op twa plakken.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)